Legere omsetferwachting

16 jun 2009 - 10:23

Tritich prosint fan de bedriuwen yn it Noarden ferwachtet in legere omset yn it twadde fearnsjier dit jier. Fyftjin prosint ferwachtet wol groei. Dat docht bliken út in enkête fan de Keamer fan Keaphannel.

De sifers binne better as yn it earste kwartaal dit jier. Doe helle 47 prosint fan de bedriuwen in legere omset en wie der foar 12 prosint fan de bedriuwen in groei. It gie fral min yn de transport, grut- en detailhannel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)