Rydbewiis kwyt en boetes
In automobilist (22) út Grou moast moandeitejûn op de A32 by Idaerd syn rydbewiis ynleverje. Hy ried 179 kilometer, wylst 120 kilometer tastien is.
By in snelheidskontrôle op de Hoofdweg yn Ychten hat de plysje moandei 102 boetes útdield. Der binne 480 auto's kontrolearre. Der mei 50 kilometer riden wurde. De rapste rider hie 91 kilometer op de teller.