Stellerij út tsjerke Wynjewâld

16 jun 2009 - 09:44

Ut de herfoarme tsjerke fan Wynjewâld binne trettjin koperen kandelers en twa kroanluchters stellen. Dat is al it koperwurk. It is nei alle gedachten tusken sneintemoarn en moandeitejûn bard. Om binnen te kommen is in rút fan de tsjerke oan de Tsjerkereed fernield.

In 68-jierrige man út Wynjewâld hat oanjefte dien. De plysje is noch dwaande mei in technysk ûndersyk. Hoe grut oft de skea krekt is, is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)