Kampioenskip Jeu de Pelote

16 jun 2009 - 08:07

Easterlittens is de kommende fjirtjin dagen wer yn 'e besnijing fan de alfde edysje fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote, it Belgysk keatsen. Oan dit toernoai dogge 24 teams mei. Berltsum moat de titel ferdigenje.

Moandeitejûn waarden yn de foarronde de earste trije partijen keatst. Raerd hie gjin muoite mei It Hearrenfean, it waard 8-1. Baard bleau Rie de baas mei 7-5, wylst Easterein de winst pakte tsjin Dronryp mei 8-5.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)