Donkerbroek ferdield oer N381

16 jun 2009 - 06:44

Deputearre Piet Adema bliuwt by syn stânpunt dat it nije stik dyk fan de N381 by Donkerbroek oan de westkant fan it doarp komt te lizzen. Yn totaal 21 ynsprekkers, in soad krityk en noch folle mear fragen fan steateleden koene Adema moandeitejûn net oertsjûgje yn de kommisjegearkomste yn Easterwâlde.

De measte ynsprekkers lieten witte dat de dyk tichter by it doarp oanlein wurde moat. Mar it doarp is ferdield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)