Undersyk sponsoring ljeppers

Der komt ûndersyk nei persoanlike sponsoring fan fierljeppers
In spesjale wurkgroep fan it Frysk Ljeppers Boun sil ûndersyk dwaan nei mooglikheden foar persoanlike sponsoring. Dat is moandeitejûn ôfspraat op in gearkomste mei it bestjoer en in groep ûntefreden ljeppers.
Dy wolle graach op wedstrydklean fan bûnssponsor ROC Friese Poort ek eigen sponsorsemblemen hawwe. It bestjoer stiet hjir iepen foar as net allinnich de ljeppers, mar ek it bûn der finansjeel foardiel fan hat.