Wetterskip wer baas suvering

Wetterskip wer sels eigner fan wettersuvering
Wetterskip Fryslân wurdt wer sels eigner fan de 23 rioelwettersuveringsynstallaasjes. Tsien jier ferlyn sette it wetterskip mei in Amerikaansk bedriuw in ferhierkonstruksje op, dêr't beide partijen finansjeel better fan waarden. It kabinet hat de regeling ferbean om't it belesting misrûn.
Tagelyk woene de Amerikanen fan de konstruksje ôf. It bedriuw krijt stipe fan de oerheid dêr en ek dy is tsjin op de konstruksje.