Rammen dea makke foar fleis

Stikken fan in slachte raam yn it wetter
Tusken Feanwâlden en De Westereen binne twa rammen stellen en deamakke. Eigner Wimer Visbeek fynt se eltse kear yn stikjes werom. It fleis is poater. Visbeek wol oare minsken mei skiep warskôgje. De lêste raam is op 200 meter fûn fan it plak dêr't it meinaam is.
It karkas mei al it fleis is fuort. Alles wat oer is, fûn Visbeek yn de wâlskant fan in sleat werom. It bist is bûten slachte. Visbeek hat oanjefte dien.