Hoareka lilk op Vroeg op stap

Hoareka Fryslân is net bliid mei de hannelwize fan it komitee 'Vroeg op stap'
Hoareka Fryslân set him ôf tsjin de Vroeg op Stap aksjegroep fan twa memmen út Sigerswâld. Dy wolle dat hoarekagelegenheden tenei betider ticht geane om sa alkoholmisbrûk by jongerein tsjin te gean.
It hoarekabûn fynt it in frjemde saak dat se net útnoege binne foar in iepenbiere diskusje oer dizze kwestje, wylst se wol partij binne. Der ûntstiet dus in ôfstân tusken it hoarekabûn en Vroeg op Stap.