Yntelliginte kamera's It Fean

15 jun 2009 - 15:42

It oantal ynbraken by bedriuwen op it yndustryterrein Hearrenfean-noard moat yn de takomst mei in kwart nei ûnderen brocht wurde troch de ynset fan saneamde yntelliginte kamera's. Dat is de doelstelling fan de ûndernimmers dêr.

Oan de ein fan dit jier sille yn totaal fyftjin kamera's ynstallearre wurde. Yntelliginte kamera's binne kamera's dy't yn 't foar sa programmearre wurde dat se fertochte hannelingen herkenne kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)