Papadopulos fiif jier kontrakt

Papadopulos tekenet kontrakt foar fiif jier
De Tsjechyske spits Michal Papadopulos tekenet ynkoarten in kontrakt foar fiif jier by SC Hearrenfean. Dat is moandeitemiddei troch de klup bekend makke. Papadopulos is 24 jier en spile it ôfrûne seizoen foar de subtopper Mladá Boleslav, dêr't er alve kear skoarde yn 26 wedstriden.
De spits begûn syn karriêre by Banik Ostrava, wêrnei't er nei Arsenal gong. Nei in net al te lokkige perioade by twa klups yn Dútslân gong hy wer nei Tsjechië nei Mladá Boleslav.