Wethâlder Hoen net beskikber

Wethâlder Hoen is yn 2010 net mear beskikber
Wethâlder Henk Hoen fan Opsterlân hâldt nei de ferkiezings fan maart 2010 op mei syn wurk. Hy is net wer foar in perioade beskikber as wethâlder.
Hoen hat dan twintich jier foar de PvdA yn de polityk sitten. Tolve jier wie hy riedslid en acht jier hat er wethâlder west. Takom jier is Hoen 63 jier en dan wol er him mear mei syn famylje, freonen en hobby's dwaande hâlde.