Hûs foar famylje út Warten
Wenningstifting Welkom yn Grou hat in wenning fûn foar de famylje Loonstra út Warten. Twa wike lyn hie de 72 jierrige beppe fan it gesin op ludike wize in hûs kreake foar har beppesizzer. Se wie foar in leechsteande wenning oan de Bleek yn Warten sitten gien mei in grut spandoek.
Der is dus no in hûs fûn foar it gesin. Der wie in wenning frij kaam wêrfoar de beppesizzer heech op de wachtlist stie.