Roomsken sizze lidmaatskip op

15 jun 2009 - 11:35

De ûnrêst yn de Roomske tsjerke fan de lêste moannen hat yn it noardlik bisdom foar tal fan minsken oanlieding west út de tsjerke te stappen. Dat fertelde biskop Gerard de Korte fan it bisdom snein op de jierlikse Bonifatiusdei yn Dokkum.

Nei de opskuor om biskop Williamson, dy't de Joadeferfolging ûntkende en it bernemisbrûk troch geastliken, ha in oantal katoliken harren út de tsjerke útskriuwe litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)