Bûtenboardmotor stellen

© Omrop Fryslân
In 49-jierrige man út Ljouwert is snein op de Emmakade oanholden, omdat hy in bûtenboardmotor stellen hie. In tsjûge seach de fertochte mei de motor op in brommer riden. De Ljouwerter ferstoppe de bûtenboardmotor ferfolgens achter in hage. Hjirop belle de tsjûge de plysje. Dy kamen de fertochte by in syktocht tsjin mei in stellen benzinetank.
De Ljouwerter bekende dat hy it guod stellen hie. Fierders die noch bliken dat de brommer ek stellen wie.