Donkerbroekers tsjin boarrings

14 jun 2009 - 17:12
  • De boarlokaasje by Donkerbroek bliuwt ticht as it oan de omwenjenden leit

Bewenners fan it bûtengebiet fan Donkerbroek binne tsjin de mooglike gaswinning by it doarp. It winningsbedriuw Smart Energy Solutions wol in lytse gasbel oanboarje oan de Luitzen Oetzewei.

Dêrfoar moat lykwols in nije ynstallaasje boud wurde fan goed tsien meter heech, mei dêrneist in grutte piip. Neffens de omwenners sil dat foar oerlêst soargje. Sa wurdt de ynstallaasje 24 oeren deis ferljochte en is der in soad frachtferkear nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)