Spits Papadopulos nei H'fean

Michal Papadopulos
SC Hearrenfean leit dizze wike de Tsjechyske spits Michal Papadopulos fêst. Dat meldt de Tsjechyske krante Nova. Papadopulos is 24 jier en spile it ôfrûne seizoen foar de subtopper Mladá Boleslav, dêr't er alve kear skoarde yn 26 wedstriden.
De spits begûn syn karriêre by Banik Ostrava, wêrnei't er nei Arsenal gong. Dêr spile er ien wedstriid yn it earste. Ferfolgens gong er werom nei Ostrava. Yme Kuiper, foarsitter fan SC Hearrenfean, wol net reagearje.