Futsallers Cambuur nei Italië

14 jun 2009 - 13:55

De sealfuotballers fan Cambuur gean woansdei 17 juny mei de spilersbus fan Cambuur nei Italië om mei te dwaan oan de Valdichienti futsalcup yn Morrovalle. De Ljouwerters binne de iennige Nederlanners dy't meidogge oan it toernoai.

Der dogge 28 teams mei út Europa en Afrika. Cambuur spilet yn pûl A mei Nuova Morrovalle (Italië), Factio Team (Spanje), Teesside Futbol (Ingelân), Green Eagles (Nigearia) en Marcali (Italië).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)