Diseloalje lekt yn PM-kanaal

© Omrop Fryslân
Op it Prinses Margrietkanaal by Jiskenhuzen hat in baggerskip sneon diseloalje lekt. It Wetterskip hat in bedriuw út Harns ynskeakele om de oalje op te romjen. It bedriuw hat tegearre mei de brânwacht de oalje nei in hoeke fan it kanaal dreaun en de oalje dêrnei mei absorpsjemateriaal út it wetter helle.
Hoe't it skip de oalje lekke koe is noch net bekend. Omdat der amper wyn stie hat de oalje him net ferspraat oer it kanaal.