Dirk Fabriek wint Loppersum

Dirk Fabriek hat ek de tredde wedstriid fan it iepen Nederlânsk kampioenskip gersbaan wûn. De koereur út Jobbegea wûn twa searjes en waard ien kear twadde. Yn de A-finale wie Fabriek opnij de sterkste. Erik Eibergen waard twadde, Mark Stiekema tredde. Ek de Friezen Jannick de Jong en Henri van der Steen rieden de A-finale. De Jong waard fjirde, Van der Steen fiifde.
Foar Dirk Fabriek wie it nei Vries en De Jouwer al wer de tredde winst.