Midsimmercup foar Hark. Boys

13 jun 2009 - 21:00

Harkemase Boys krijt der dit seizoen mar gjin genôch fan. Nei it kampioenskip en de noardlike beker hawwe de Harkiten sneon ek de sechsde edysje fan de Midsimmercup yn Dronryp wûn. Yn de "dreamfinale" tsjin dy oare haadklasser, Snits Wyt Swart, wie it seistal fan Harkeamse Boys mei mar leafst 7-1 te sterk. Oebele Schokker skoarde fjouwer kear.

By de froulju gie de winst, krekt as ferline jier, nei Be Quick Dokkum. Nei strafskoppen waard AVC ferslein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)