Mid-Fryslân ferliest dik

13 jun 2009 - 17:49

De kuorballers fan Mid-Fryslân ha de earste wedstriid tsjin Tempo út Alphen aan de Rijn mei 24-17 ferlern. Op it fjild yn Reduzum wie it by it skoft noch tige spannend: 10-11. Yn it begjin fan de twadde helte rûn Tempo yn in tiidsbestek fan tsien minuten út nei 17-10. Mid-Fryslân helle noch yn oant 17-20, mar dêrnei makke Tempo dien wurk.

Takom sneon treffe beide ploegen inoar wer. De winner fan dizze twakamp spilet takom seizoen yn de haadklasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)