Verschoor wint Ronde Kerspelen

13 jun 2009 - 17:40

Martijn Verschoor fan Bovensmilde hat sneon de Ronde van de Kerspelen wûn. Dizze hurdfytsronde oer 162 kilometer mei start en finish yn Droegeham telt mei foar de klupkompetysje.

Verschoor wie de fluchste yn in kopgroep fan sân man. Verschoor hat diabetes, mar dêr hat er by it hurdfytsen net folle problemen mei. As er mar op 'e tiid yt en drinkt kin er mei de bêsten mei, sa bewiisde hy sneon yn in waarm Droegeham. Jochem Verschoor fan Terwispel waard fiifde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)