Jonge Jan wint op Burgumermar

13 jun 2009 - 16:55
  • In nij wedstriidwetter foar skûtsjes: de Burgumermar (foto Martin de Jong)
  • By Eastermar folge it publyk it silen op in tribune fan striepakken (foto Martin de Jong)

De earste skûtsjesylwedstriden op de Burgumermar lutsen sneon hûnderten minsken. Der diene 22 skûtsjes fan 'e IFKS oan mei. Troch de flagerige wyn wiene benammen de moarnswedstriden spannend. De skûtsjes wikselen dêrtroch hieltyd fan posysje.

Yn de grutte A-klasse kaam De Jonge Jan út Warten as winner út de striid. Yn de lytse A- klasse wûn de Engelina Smeltekop fan Earnewâld. De skûtsjes hawwe gjin lêst hân fan de ûndjipten yn de Burgumermar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)