Kafee Youth for Christ ticht

Kafee Vox slút op 1 july de doarren
It Ljouwerter kafee Vox fan Youth for Christ giet ticht. It kafee yn de Nijesteech yn de binnenstêd hat net genôch jeften krigen om iepen te bliuwen. Ek komme der hieltyd minder minsken.
De kristlike jongere-organisaasje hat fjirtich jier yn it sintrum fan Ljouwert sitten. Nije wike sneon kinne frijwilligers en besikers noch ien kear nei Vox ta. Op 1 july geane de doarren definityf ticht.