Ljouwert kulinêr nei finzenis

it foarpriuwke fan Ljouwert kulinêr op de Nijstêd
Ljouwert Kulinêr wurdt yn septimber hâlden yn de Blokhúspoarte. Op de nije lokaasje wurdt de opset fan it evenemint lytser om de kosten te drukken. Ljouwert Kulinêr soe earst net trochgean omdat de lokaasje by de Aldehou te djoer is. Troch de ekonomyske krisis binne der te min sponsors. Ek de befeiliging fan it Aldehoustertsjerkhôf is te djoer.
De lytsere opset op de nije lokaasje is sa goed as rûn. Sneon wie op de Nijstêd yn Ljouwert al in foarpriuwke.