Pinautomaten Rabo op non-aktyf

13 jun 2009 - 15:17

Alle lossteande pinautomaten fan 'e Rabobank yn Fryslân kinne meikoarten net mear brûkt wurde. De Rabobank docht dat omdat de automaten de lêste tiid in pear kear kreake binne. De dieders besochten de pinautomaten op te blazen. Koartlyn barde dat ûnder oare by de automaat oan de Waadpromenade yn Harns. De dieders brûkten gas. Lanlik wurde alle 75 selsstannige automaten bûten gebrûk steld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)