Tsjûgen hâlde fandalen oan

13 jun 2009 - 12:56

Fjouwer jonges binne freedtenacht yn Stiens troch tsjûgen oanhâlden neidat se sjoen hiene dat de jonges mei stiennen in lantearnepeal besochten te fernielen. De tsjûgen hawwe de jonges oerdroegen oan de plysje.

In jonge fan fyftjin út Ljouwert is oanhâlden en troch de plysje oan syn âlders oerdroegen. De oare trije ha in bekeuring krigen foar baldiedigens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)