Wâldrock los mei 5.000 man

Metalfestival Wâldrock wurdt sneon foar de 22ste kear hâlden yn Burgum. De grutte publykslûkers fan dit jier binne de bands Motörhead, Epica en Carcass. Mei-inoar trede 19 bands op.
In pear fan dy 19 bands hawwe freed al in optreden op it festivalterrein fersoarge. Foar de tredde kear wie dêr in preparty, mar dit jier mei gruttere nammen en it festival is dêrmei eins in twadaags festival wurden. Wâldrock ferkocht oant no ta sa'n 5.000 kaarten.