Skûtsjesile op 'e Burgumermar

Foar it earst yn 19 jier wurde sneon skûtsjesylwedstriden hâlden op de Burgumermar. 22 skûtsjes fan 'e IFKS sile twa wedstriden. Der dogge 12 boaten mei yn de grutte en 10 yn de lytse klasse. Omdat mar in beheind tal skutsjes meidwaan kin, telt de wedstriid net mei foar it klassemint.
It idee om it skûtsjesilen werom te heljen nei de Wâlden komt fan sportwethâlder Doeke Fokkema fan Tytsjerksteradiel en tal fan oare sylentûsjastelingen.