Protest tsjin mosquito

12 jun 2009 - 22:08
  • Mosquito's: jonge SP'ers binne der poer op tsjin

De jongereinorganisaasje fan de SP, Rood, sil moandei aksje fiere by ROC Friese Poort yn Ljouwert. De skoalle hat in mosquito ophong om smokende jongeren by de yngong fuort te jeien. De mosquito produsearret in hege piiptoan dy't allinnich jongeren hearre kinne.

De jongereinorganisaasje fan de SP fynt de maatregel fan de skoalle bespotlik en sil hantekens sammelje om de mosquito fuort te krijen. Jongeren sizze dat se lêst hawwe fan de piiptoan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)