Skripsjepriis foar Dykstra

Dykstra krijt ûntfangt de skripsjepriis út hannen fan direkteur Salverda fan 'e Akademy
Arjen Dykstra fan Glimmen hat freed de skripsjepriis fan de Fryske Akademy krigen. Yn 2007 skreau Dykstra foar syn ôfstudearjen in skripsje oer lingte-fining op see yn de 17de ieu.
Fan alle njoggen ynstjoerings foar de priis fûn de sjuery dy fan Dykstra de bêste. De priis bestiet út in bedrach fan tûzen euro. Arjen Dykstra is op it stuit dwaande mei in promoasje-ûndersyk nei wiskunde yn Fryslân yn de 17de ieu.