Leksikografysk kongres yn 2010

12 jun 2009 - 15:49
  • Fryske Akademy organisearret leksikografysk kongres

De Fryske Akademy organisearret takom jier it Euralex International Congress. Dat is it grutste ynternasjonale leksikografysk kongres fan Europa, dat om de twa jier holden wurdt. Takom jier fynt it kongres foar de fjirtjinde kear plak.

Yn july komme goed 300 profesjonele leksikografen, útjouwers, ûndersikers en software-ûntwikkelders yn Ljouwert byelkoar. Der binne lêzings, workshops en softwaredemonstraasjes. Ek is der in boekútstalling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)