Wiebe Wieling nei Piter Jelles

12 jun 2009 - 15:01

Wiebe Wieling fan Hurdergaryp is de nije kolleezjefoarsitter fan skoalmienskip Piter Jelles. Wieling wurdt per 1 augustus beneamd yn dy funksje.

Wiebe Wieling hat in soad ûnderfining yn it ûnderwiis. Hy wie in tal jierren kolleezjefoarsitter fan it Van Hall ynstitút yn Ljouwert en dêrnei wie er lid fan it kolleezje fan bestjoer fan de Hanzehegeskoalle yn Grins. Wieling is ek bekend as foarsitter fan de feriening 'Friesche Elf Steden'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)