Krisis rekket ek restaurants

Guon restaurants ha it dreech yn dizze tiid fan krisis
Restaurants ha te lijen fan de krisis. Yn de noardlike provinsjes is de omset fan de lêste moannen hast njoggen prosint leger as ferline jier. Foar guon restaurants is it dreech de holle boppe wetter te hâlden. De hurdste klappen falle by de doarpsrestaurants en de djoerdere toprestaurants. Bedriuwen skrasse djoere itentsjes foar klanten.
It hoarekabûn Fryslân tinkt dat de omset de kommende perioade wer oanlûke sil.