Tolsma foar jier haadredakteur

Rein Tolsma wurdt foar in jier beneamd ta haadredakteur fan Omrop Fryslân
Rein Tolsma is beneamd ta nije haadredakteur fan Omrop Fryslân. Hy folget Hans Snijder op dy't mei yngong fan augustus de nije haadredakteur wurdt fan 'e Leeuwarder Courant. De beneaming fan Tolsma is op eigen fersyk foar in perioade fan 1 july 2009 oant 1 septimber 2010. De lêste sân jier wie Tolsma adjunkt-haadredakteur.
Foar de opfolging fan Roel Cazemier, de deistich algemien direkteur, wurdt de proseduere sa gau mooglik úteinset.