Nije waskerij yn Boalsert

12 jun 2009 - 12:14

De grutste, ynnovatyfste waskerij fan bedriuwsklean sit yn Boalsert. It bedriuw Micronclean hat in lyts jier ferboud. De produksjekapasiteit is hast ferdûbele. De nije waskerij is iepene troch âld-kommissaris fan de keninginne Hans Wiegel.

Micronclean makket fral bedriuws- en feiligensklean út de farmaseutyske yndustry en de sûnenssoarch skjin. It bedriuw tinkt te groeien troch de nije waskerij. Ferline jier kamen der al 20 minsken by. Der wurkje no 70 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)