Searje ynbraken oplost

12 jun 2009 - 10:17

Mei de oanhâlding fan in ynwenner (20) fan Aldeboarn en in ynwenner (23) fan Twellingea hat de plysje in searje ynbraken op bouterreinen oplost. Dy ynbraken wiene op It Hearrenfean, De Jouwer, yn Snits en Drachten.

De plysje kaam de saak op it spoar doe't by in oar ûndersyk in soad ark fûn waard yn in skuorre yn Aldeboarn. De eigner wie de fertochte út Aldeboarn. De fertochten ha de ynbraken bekend. Se hiene ark en diseloalje meinaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)