Autoride nuodlik foar blowers

12 jun 2009 - 10:04

De plysje Fryslân sil mear kontrolearje op drugs yn it ferkear. Stoned autoride is ferbean. Ek nuchter autoride kin in straf opsmite omdat de plysje ek dagen letter noch spoaren fan drugsgebrûk fine kin.

En ek dan kinne je feroardiele wurde en sels je rydbewiis ynleverje moatte as je foar je eigen gefoel nuchter achter it stjoer sitte. Spesjalisearre advokaten warskôgje geregelde blowers dêrom dat se hjir better rekken mei hâlde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)