Befeiliging by saak Cambuur

12 jun 2009 - 09:05

De befeiliging yn it gebou fan justysje yn Ljouwert is behoarlik opfierd. Dat hat te krijen mei de behanneling fan de saak freed tsjin alve Ljouwerters dy't fertocht wurde fan geweld tsjin plysjeminsken. Se binne oppakt by de rellen nei de wedstriid tusken Cambuur en Roda JC.

Minsken dy 't by Justysje nei binnen wolle, moatte troch in metaaldetektor en se wurde fûlleard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)