Gemeentehûs Bûtenpost grutter

12 jun 2009 - 07:43

De mearderheid fan de gemeenterie yn Achtkarspelen is tongersdeitejûn akkoart gong mei de ferbouwing en útwreiding fan it gemeentehûs yn Bûtenpost. Der is ûnder mear in nije multyfunksjonele riedseal nedich.

In foarstel fan de FNP, GBA en de VVD yn de rie om te sjen nei tydlike húsfesting op in oar plak yn Bûtenpost helle it net. De ferbouwing en útwreiding fan it gemeentehûs mei net mear kostje as 2,7 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)