Krityk rekkenkeamer provinsje

Bedriuweterrein A7-Noord yn Drachten
De provinsje jout te gau tastimming foar de oanlis fan nije bedriuweterreinen. Dat fynt de Noordelijke Rekenkamer. Der wurdt te min sjoen oft besteande terreinen noch fierder ûntwikkele wurde kinne.
De rekkenkeamer hat wiidweidich ûndersyk dien nei it belied fan de provinsje oangeande bedriuweterreinen. De provinsje seit yn in reaksje dat der op dit stuit gjin oerskot oan terreinen is.