Blessuere fierljepper Helmholt

11 jun 2009 - 20:13

Fierljepper Bart Helmholt fan Burgum is minstens twa wike útskeakele. Helmholt hat syn pink brutsen by in motorûngelok en hat de ûnderearm yn it gips. De blessuere betsjut yn alle gefallen dat Helmholt syn doelstelling om foar 1 july ienentweintich meter te springen wol ferjitte kin.

Helmholt hopet neidat it gips der ôf is sa gau mooglik wer mei de training begjinne te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)