Mear fytsen yn trein nei Harns

11 jun 2009 - 19:30

Der is dizze simmer mear romte foar fytsen en bagaazje yn de treinen tusken Ljouwert en Harns. Ferfiersbedriuw Arriva hat yn gearwurking mei de provinsje in tal rigen mei stuollen út de treinen helle.

De oanpaste treinen ride freed foar it earst, by de start fan it Oerol-festival op Skylge. Fan 't hjerst wurdt besjoen oft de stuollen werompleatst wurde. Dat hinget fan de ûnderfinings ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)