Bunkermuseum op Skiermûntseach

11 jun 2009 - 17:04

Op Skiermûntseach is tongersdei in bunkermuseum iepene. It museum sit yn 'e Seeburgbunker yn bunkerdoarp Schlei. Dy waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch brûkt as kommunikaasjesintrum as ûnderdiel fan Hitler syn Atlantikwall.

Yn it museum binne dingen te sjen dy't de Dútske soldaten brûkten. Der is ek te sjen hoe't de Dútsers libben. De bunker is de hiele simmer iepen op woansdei- en sneintemiddeis. Op oare eilannen binne ek museumplannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)