Fryske trekkers nei Brussel

11 jun 2009 - 16:24

Fryske melkfeehâlders sille oare wike woansdei yn Brussel demonstrearje foar in bettere molkpriis. De Europeeske regearingslieders komme dan gear yn yn 'e stêd. De boeren wolle dat it molkkwotum leger wurdt en der minder molke oanfierd wurdt. Dan soe de priis better wurde.

Boeren út hiel Europa wei wurde oproppen mei trekkers nei Brussel te kommen. Yn maaie wie yn Brussel ek al in demonstraasje fan melkfeehâlders tsjin de lege molkprizen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)