Himploads yn Wolvegea

11 jun 2009 - 15:12

Yn in loads oan 'e Nijverheidsstrjitte yn Wolvegea hat de plysje in himpkwekerij mei trijetûzen planten ûntdutsen. De plysje kaam de saak op it spoar nei in melding fan de brânwacht. Immen tocht yn 'e loads achter de fertsjustere ruten flammen te sjen. It blykte te gean om in lampe dêr't blêden foar hinne en wer waaiden.

Der binne noch gjin minsken oanhâlden. Smoargensferwurker Omrin hellet alle planten en apparatuer fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)