Burmaniabyld definityf te plak

Gemme van Burmania by Philips de Twadde
It stânbyld fan Gemme van Burmania wurdt sneon definityf te plak set yn Ferwert. Yn juny 2008 waard it ek al ris pleatst, mar nei in pear dagen wer fuorthelle troch de gemeente Ferwerderadiel. De inisjatyfnimmers, twa amateurhistoarisy, hiene te hastich west. De gemeente wie noch net klear mei de ynrjochting fan it plak.
Gemme van Burmania is bekend troch syn útspraak 'Wy Friezen knibbelje inkeld foar God'. Hy wenne yn Herjuwsmastate yn Ferwert.