Undersyk kantinebrân sit fêst

11 jun 2009 - 12:25

It ûndersyk nei de kantinebrân op sportkompleks De Waaie yn Sint Anne rint fêst. Om't it gebou op ynstoarten stiet, kin de technyske resjerzje der noch hieltyd net yn. Nei alle gedachten is de brân oanstutsen, mar dat kin noch net fêststeld wurde. Der binne wol spoaren fan ynbraak fûn.

De brân wie ferline wike freedtenacht. Neist materiële skea gie ek hûndert jier sporthistoarje ferlern. De prizekasten fan de keatsklup en de fuotbalferiening giene ferlern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)