Lasergun ynset op lytse diken

De kontrôles mei de lasergun by Sibrandahûs wurkje goed, sa seit de plysje.
De plysje Fryslân kontrolearret op 22 plakken yn benammen Noardeast-Fryslân op hurd riden. It team Subjectieve Verkeersveiligheid sjocht op plakken dy't neffens de sifers net ûnfeilich binne, mar dêr de omwenners fan sizze dat der faak te hurd riden wurdt.
Yn 'e lêste pear jier hat it team 220 rydbewizen yn beslach nommen. Mocht bliken dwaan dat in dyk better oanpast wurde kin om de situaasje te ferbetterjen, dan kin it team advys útbringe oan dykbehearder de gemeente.